Boek Talenbewust lesgeven
It boek Talenbewust lesgeven is bedoeld as ynspiraasjeboarne foar alle professionals yn en om it basisûnderwiis hinne dy’t harren ûnderwiis talebewust foarmjaan wolle en dy’t oandacht hat foar it talich ferskaat yn ‘e klasse.
De talebewuste learaar siket – mei alle ynsichten en hânfetten yn ‘e bûse – nei wat learlingen nedich hawwe, sadat se har goed fiele en har ûntwikkeljen bliuwe ta grutske taalbrûkers. Talebewust lesjaan is foar alle learlingen goed, mar is by útstek fan belang foar learlingen út kwetsbere thússituaasjes en learlingen mei in meartalige eftergrûn, dy’t yn guon gefallen minder goed prestearje op skoalle as ientalige learlingen. Talige ferskaat en de eftergrûn fan learlingen wurde faak sjoen as wichtige oarsaken foar dizze ûnderwiiskleau.
Ut ûndersyk docht lykwols bliken dat dy kleau troch it oanbieden fan gaadlike foarmen fan taalûnderwiis, lykas talebewust lesjaan, oerbrêge wurde kin. Talebewust lesjaan helpt (takomstige) leararen om oan de slach te gean mei talige diversiteit yn de klasse, om sa de winske, rike taallearomjouwing te kreëarjen.
Yn dit boek jout in grut tal auteurs, ôfkomstich út (Karibysk) Nederlân en Flaanderen, harren fisy op talebewust ûnderwiis. Der wurdt úteinset hoe’t de talebewuste learaar alle yn ‘e klasse oanwêzige talen by it ûnderwiis belûke kin. Yn trije dielen mei santjin haadstikken binne de aktuele teoretyske ynsichten ferbûn mei tal fan praktykfoarbylden:
Yn diel 1 wurdt yngien op de basisprinsipes fan krêftich taleûnderwiis.
Yn diel 2 wurdt de relaasje tusken taal yn de klasse en de maatskippij besprutsen.
Yn diel 3 wurdt konkreet makke hoe’t talebewust ûnderwiis op skoalnivo ynrjochte wurde kin.
Elk haadstik hat in selde opbou. Alderearst wurdt der in praktykfoarbyld jûn dat it ûnderwerp fan it haadstik yllustrearret. Dêrnei folget de teory en in fierdere taljochting op it ûnderwerp. Hjirnei folgje tips foar yn de klasse en in gearfetting. Elk haadstik slút ôf mei konkrete útdagingen foar de klassepraktyk. By dit boek heart in webside mei links nei sites, databanken, artikels en podcasts. Hjir binne ek artikels, fideo’s, oar (byld)materiaal, oefeningen en lesideeën te finen om mei learlingen yn de klasse oan de slach te gean.
Talebewust lesjaan is skreaun foar leararen yn oplieding, learare-oplieders, basisskoalle-leararen, skoallieders en skoalbestjoerders yn Nederlân, Flaanderen en Karibysk Nederlân. It boek is ek nijsgjirrich foar ynterne of pedagogyske begelieders, ûnderwiisassistinten, taalkoördinatoaren, (taal)beliedsmakkers, logopedisten en soarchkoördinatoaren. As lêste rjochtet it boek him op studinten en ûndersikers yn de ûnderwiiskunde, taalwittenskip of pedagogyk, op sawol bachelor – as masternivo.
Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis
Meartaligens: Alle yn de klasse oanwêzige talen foarmje in boarne fan learen en jouwe rjochting oan de wize hoe’t it taalûnderwiis ynrjochte is. Dat betsjut dat, hoewol’t de inisjele teksten Frysktalich binne, learlingen sels kieze yn hokker talen oft se oerlizze, harren ûndersyk opsette of fierder sykje nei mear ynformaasje yn oare boarnen.
Dialooch: It wurkjen fan teksten hat plak yn groepsferbân. Dat pakke learlingen op sûnder stjoerende yntervinsje fan de learaar. Sa komt de eksplorative ynteraksje tusken learlingen ta stân. De taak fan de learaar is dan om, troch middel fan dialooch en te wizen op hulpfragen, learlingen dy’t fêstrinne wer fierder te helpen.
Kultureel: It learen komt ta stân trochdat learlingen mei-inoar bepale wêr’t se mear oer witte wolle en hoe’t se dat fierder útsykje sille. Sa wurkje se op harren eigen nivo en yn gearwurking oan kenniskonstruksje oer in foar harren relevant fraachstik. De lessen liede ta bliuwende feroaring yn de klasse; learlingen leare om rekken te hâlden mei inoars ynteresses en feardichheden.
Training?
Oplevere tekstpakketten kinne troch alle skoallen selsstandich brûkt wurde. It stiet leararen frij om sels in tekstpakket gear te stallen út ferskillende beskikbere teksten om sa it oanbod optimaal oanslute te litten by in tema. Begelieding op lokaasje of mear ynformaasje oer ûndersykjend learen en meartalich wurkjen is beskikber yn oerlis.
Kontaktpersoanen
Albert Walsweer
albert.walsweer@nhlstenden.com
Mirjam Günther
mirjam.gunther@nhlstenden.com
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam
Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.
Voornaam Achternaam