Toetsing en evaluaasje - LYTS FRYSK DIKTEE l © provincie Fryslâ

Toetsing en evaluaasje

Wy hawwe der allegear mei te krijen, wêr’t wy ek wurkje yn it ûnderwiis. De iene fynt der neat oan en de oare sjocht it as ûnmisber: Do moatst dochs de ûntwikkeling fan de bern folgje?! 

Ja! It is wichtich om de ûntwikkeling fan de bern te folgjen. Sûnder it folgjen fan de learlingen ûntbrekt ek de oantrún om doelrjochte oan ’e slach te gean, en wurdt der mooglik mar wat dien om de learling fierder te helpen. It is dan mar de fraach oft dat in posityf effekt hat. 

Wy kenne allegear learlingen dy’t hiel senuweftich wurde fan de DMT-toets: is it wier nedich om dizze toets op tempo ôf te nimmen? Luc Koning hat it begrip ‘redzaamsheidslezen’ yntrodusearre. Hjir kinst der mear oer lêze.

De LVS-toetsen: wat leverje dizze toetsen de learkrêften eins op as it giet om de ûntwikkeling fan de learlingen? Binne de learlingen dermei holpen as se ferlike wurde mei oare learlingen? 

De eintoets? De trochstreamtoets? Wurdt der mei dizze toetsen eins wol metten wat wy witte wolle? En wat wolle wy dan eins witte?? Of wurkje de toetsen as ynstrumint om de kwaliteit fan it ûnderwiis fan ús skoallen te mjitten? 

Formatyf en summatyf toetse

We kinne yn it earste plak ûnderskied meitsje tusken formatyf en summatyf toetsen.

Summatyf evaluearjen leveret de learkrêft in protte ynformaasje op oer hoe’t de learling de oanbeane lesstof ferwurke hat, formatyf evaluearjen hat as doel it learen fan de learling fierder te helpen. Mar betink ek dat asto in sifer joust, it learen ek ophâld! 

Hoe sit it mei formatyf evaluearjen? Folgest dan de foarútgong fan de learling? Dit is in ûntwikkeling wer’t al in protte oandacht foar is, mar wat noch net in fêst plak yn it ûnderwiis hat. Al as net terjochte?

En dan, mei de resinte (moaie) ûntwikkelings nei mear tematysk wurkjen yn de holle, wêrby’t (gelokkich) it tekstbegryp hieltyd mear keppele wurdt oan wrâldoriïntaasje: hoe toetse wy it tekstbegryp as wy de ‘begrypend lêzen-metoade’ net mear brûke? 

Hoe folgje wy dan de ûntwikkeling fan de learlingen? Allinne mei it LVS? 

Ynteressante fragen dêr’t wy noch gjin antwurd op hawwe. 
Mar goed ek, want as wy sels op syk gean nei antwurden, kinne wy net oars as ús mear bewust wurde fan wat wol en net fan belang is. En de fraach: wat wolle wy eins mei toetsen, en hokker soarte toetsen hawwe wy eins nedich? Soks sil ús allinnich mar mear yn beweging bringe. 

Literatuer

Understeand fynst in list dokuminten dy’t dy helpe kinne by it antwurd op boppesteande fragen. Troch op de titels te klikken komst by in webside of pdf-ferzje fan it artikel.

Boonstra, C. (2024, 4 novimber). De misopvatting over ‘hoger’ en ‘lager’.

Heij, K. (2025, 24 april). De doorstroomtoets kraakt onder haar eigen gewicht.

Noteboom, A., Van Silfhout, G. & Tammes, A.-C. (2019). Formatief evalueren in het primair onderwijs: Werken aan groei. Enschede: SLO.

Smits, A. & Van Koeven, E. (2025, 8 april). Geletterdheid en schoolsucces: Geen vernieuwing als toetsen bepalend blijven. 

Visser, J. (2023, 20 maart). Hoe cijfers en prestatiedruk leren in de weg zitten.

Wij-leren (2024, 2 augustus). De effecten van formatief evalueren op leerlingen en docenten.

Observaasje ynstruminten

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam