IMO Tijdelijk

Skriuwe yn Styl

Skriuwe yn Styl set yn op de ferbettering fan skriuwfeardigens. It bestiet út in set fan seis tematyske lessesearjes mei byhearrende Taalrûntes. Skriuwe yn Styl behannelet in folslein oanbod oan stylgrepen en techniken dy’t relevant binne om skriuwprestaasjes op alle tekstnivo’s te ferbetterjen.

Kaaiprinsipes fan Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Skriuwe yn Styl hâldt rekken mei de trije perspektiven: 
 
Meartaligens: alle yn de klasse oanwêzige talen foarmje in boarne fan learen en jouwe rjochting oan de wize hoe’t it taalûnderwiis ynrjochte is. Dat betsjut dat, hoewol’t de ynstruksjetaal Frysk is, learlingen sels kieze yn hokker taal oft se oan de taak wurkje. 

Dialooch: by alle lessen bestiet in diel fan de opdracht út groepswurk dat learlingen sûnder direkte ynstruksje fan de learaar oppakke. Sa komt eksplorative ynteraksje tusken learlingen ta stân. De taak fan de learaar is dan om troch middel fan dialooch learlingen
dy’t fêstrinne wer fierder te helpen. 

Kultureel: de faak komplekse skiuwfeardigenspraktiken yn de moderne mienskip wurde stap foar stap yn konkrete oefeningen behannele sadat alle learlingen meikomme kinne. De lessen liede ta bliuwende feroaring yn de klasse troch it fysyk ophingjen fan in poster mei de skriuwtechniken, dy’t âldfêst jout by al it fierdere skriuwen.

Training?

Trening foarôf is net nedich. Yn de hantlieding stiet in folsleine útlis oer fasen fan de les en in stap foar stap útlis fan de ynfolling en weromkeppeling. Ferdjipping en begelieding foar fierdere yntegraasje by skriuwopdrachten is tige oan te rieden. Mear ynformaasje en stipe kin oanfrege wurde.

Kontaktpersoanen

Profielfoto-IMO

Sigrid Kingma

sigrid.kingma1@nhlstenden.com

Profielfoto-IMO

Klarinske de Roos

klarinske.de.roos@nhlstenden.com

Meer lezen: uitgebreide informatie/onderbouwing, link naar artikelen, …

Meer lezen: uitgebreide informatie/onderbouwing, link naar artikelen, …

Foar de ûntwikkeling fan de lessen is gebrûk makke fan in wiidweidige literatuerlist. De teory efter de skriuwoefeningen komt yn haadsaak út it Handboek Stijl fan Peter Burger en Jaap de Jong. Histoaryske boarnen binne meinommen wêr relevant; útlis oer argumintative stylgrepen en formulearingen komt fan de argumintaasjelear fan Cicero. Skriuwtechniken foar artikelen komme fan online boarnen foar sjoernalisten. Fierder is besocht om de lessen safolle mooglik oanslute te litten by de skriuwpraktyk yn Fryslân. Dêr binne Fryske ekspêrs foar konsultearre. Foar sintúchlik skriuwen is in kursus fan ferhaalskriuwer Jetske Bilker brûkt. Teory oer preken komt ûnder oare út in kolleezje fan dûmny Liuwe Westra, lykas dat de foarbyldtekst in echt útsprutsen Fryske preek is. Toanieleftergrûn komt benammen út in kursus fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof. Alle behannele skriuwtechniken binne kontrolearre op krektens. By it ûntwikkeljen fan de Taalrûnten by de lessesearjes is rekken holden mei de tsien basissjênres foar it ûnderwiis dy’t Suzanne van Norden beskriuwt yn har boek Iedereen kan leren schrijven.

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

IMO_Citaten

Pellentesque dapibus hendrerit tortor. Praesent egestas tristique nibh. Sed a libero. Cras varius. Donec vitae orci sed dolor rutrum auctor. Fusce egestas elit eget lorem. Suspendisse nisl elit.

Voornaam Achternaam

Oanmelde of mear witte?