Ynspirearjend Meartalich Underwiis

Wurkwize

Elke skoalle en klasse is unyk. Want elke skoalle hat in oar ynsjoch op ûnderwiis. Dêrneist hawwe learlingen ferskate taaleftergrûnen. Dy fariearre situaasje nimme wy as útgongspunt. Sa wurkje wy fanút de bedoeling fan de skoalle. We ferkenne de bedoeling troch mei it team te bepraten:

  • Hokker ambysjes en hokker fragen sy hawwe oangeande meartalich ûnderwiis?
  • Wat de taaleftergrûn fan de learlingen is en hoe’t it ûnderwiis dêr by oanslute kin?

Ut dy ferkenning wei kieze we mei-inoar foar in dielprojekt. By alle dielprojekten wurdt stapke foar stapke wurke. Wy yntrodusearje it ûnderwerp en de materialen dy’t dêrfoar al ûntwikkele binne. Dêrnei ûntwikkelje we it mei-inoar fierder, we probearje út, eksperimintearje en reflektearje. Op dy wize ûntwikkelje we mei-inoar mei it team de meast optimale wurkwize dy’t past by de eigen skoalle. Wêr mooglik en winske sykje we ferbining mei oare skoallen.

Kritearia by it ûntwikkeljen fan meartalich ynspirearjend ûnderwiis

  • Goed ûnderwiis fynt plak yn in rike, ynspirearjende learomjouwing;
  • Talen learst troch talen te brûken yn funksjonele konteksten;
  • Talen learst ek by oare fakken;
  • Learen fynt (altyd) plak yn (meartalige) ynteraksje;
  • De kwaliteit fan ynteraksje mei learlingen bepaalt de kwaliteit fan it ûnderwiis;
  • Ofskied fan dielfeardigheden (wurdskat, begripend lêzen);
  • Ofskied fan klassike wurkfoarmen.